Brûns foar Fryske swimsters

18 des 2009 - 20:20
  • Ilse Kraaijeveld
  • Lia Dekker

Ilse Kraaijeveld en Lia Dekker ha op it iepen NK swimmen koartebaan yn Amsterdam beide in brûnzen medalje helle. Ilse Kraaijeveld fan Dokkum die dat op de 50 meter frije slach yn 25,49. It goud wie foar Saskia de Jonge yn 25,08. Toppers lykas Inge Dekker, Hinkelien Schreuder en Ranomi Kromowidjojo dogge dit wykein net mei.

Drachtster Lia Dekker moast op de 100 meter skoalslach Moniek Nijhuis, ferline wike noch twadde op it EK, en Tessa Brouwer foargean litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)