Brûns foar Boer op 500 m, sulver foar Brunsmann op 1000 m

01 feb 2015 - 13:19
  • Margot Boer

Margot Boer is sneon tredde wurden op de 500 meter by de twadde sprintwedstriid om de Holland Cup yn Breda. De sprintster fan Goaiïngaryp klokte in tiid fan 39.57. De winst op de koartste sprintôfstân gong nei de Tsjechise Karolina Erbanová, dy't 39.09 op it boerd sette. It sulver wie foar de Japanse Nao Kodaira (39.14). Erbanová wûn ek de 1000 meter letter op de dei.

By de manlju pakte Paul-Yme Brunsmann fan Twellingea it sulver op de 1000 meter. Hy moast de winst litte oan Lennart Velema út Grins. Velema wie ek de rapste op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)