Brûns foar Bergsma yn Hamar

28 nov 2010 - 16:21
  • Bergsma helle brûns (argyffoto: Sportfoto.nl)

Jorrit Bergsma hat snein yn Hamar brûns helle op de tsien kilometer yn in tiid fan 13.13,98. De winst wie foar Bob de Jong mei 13.05,83, twad waard Skobrev mei 13.11,26. De oare Fries Bob de Vries ried in tiid fan 13.20,84 en waard fiifde.

It wie de earste wrâldbekermedaille foar Jorrit Bergsma, dy't eins in maratonreedrider is. Sneon helle de Nederlânkse efterfolgingsploech mei ûnder mear De Vries en Bergsma in teloarstellend fiifde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)