Brúnrot yn Fryske setters fûn

30 jan 2009 - 10:12

Yn in partij setjirpels út Fryslân is brúnrot oantroffen. Dat befestiget de Plantenziektenkundige Dienst dy 't alle partijen poaters kontrolearret. Brúnrot is in hiel besmetlike baktearje en kin grutte gefolgen ha foar de eksport.

Nederlân is de grutste eksporteur fan setters. De ôfrûne jierren is it tal besmettingen bot werom rûn en der wurdt no dan ek praat oer in ynsidint. Belutsenen by de hannel tinke wol dat it wat imagoskea opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)