Brúnfisk Bendert werombrocht nei see

21 aug 2015 - 18:41
  • Brúnfisk Bendert is werom yn de see

De brúnfisk dy't ôfrûne winter ferwûne oanspielde op Skylge is freed werombrocht nei see. De fisk wie oanfallen troch in seehûn. Meiwurkers fan SOS Dolfijn hawwe de fisk moannen lang fersoarge. Neist ferwûningen troch biten hie de brúnfisk, dy't de namme Bendert krige, lêst fan wjirmen yn de longen en bloedearmoede.

Syn fersoargers hawwe de lytse walfisk boppe de Waadeilannen yn de Noardsee werom pleatst. Brúnfisken libje solitêr, it wie net mooglik om Bendert by in groep werom te pleatsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)