Brune float is wer los mei 25e Floatdei yn Harns

09 apr 2016 - 18:24
  • Floatdei 2016 yn Harns

Harns stie sneon yn it teken fan de 25e Floatdei. It jubileum fan de tradisjonele iepening fan it sylseizoen fan de brune float waard as fanâlds grut fierd. De festiviteiten wienen foaral yn de Suderhaven, mar de organisaasje fan de Floatdei soe graach sjen dat in oare haven, de Willemshaven, opknapt wurdt.

Dat moat gau trochgean, sa fynt de organisaasje fan de Floatdei. It is neffens har in grutte teloarstelling dat de oannimmer, dy't it entrepotgebou yn de haven opknapt, útstel fan betelling oanfrege hat. 

De besikers meitsje har dêr lykwols net drok om. Sy komme foar it feest yn de Suderhaven en fiere dat it seizoen foar de brune float wer los is. De skippen yn de haven binne ek tagonklik foar publyk. In grutte lûker is de Christian Radich, it skip fan telefyzjesearje The Onedin Line út de jierren '70.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)