Brundel wint, Bekkema ôfsketten

29 jul 2003 - 00:00

Tony Brundel wûn tiisdei de IFKS- skûtsjesilerij op de Hegemermar. Hy makke in grutte foarsprong op de oare skûtsjes en wist dy ek te behâlden. Hy sylde sa hurd dat er it lêste skûtsje, dat fan Sint Bekkema, wer ynhelle. Bekkema is dus ôfsketten.

De striid om it twadde plak ferrûn spannend. Lang like it derop dat Martin Vlasbloem twadde wurde soe, mar hy moast dochs belies jaan. Eelke Dijkstra hat him dochs ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)