Brûkersromte oan Sudergrêftswâl

28 feb 2006 - 16:17

De brûkersromte foar drugsferslaafden komt definityf oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. Dat hat de gemeenteried moandeitejûn besletten. De gemeente sil in heal jier nei it begjin fan de brûkersromte besjen oft der ek oerlêst yn de buert is.

Yn de tuskentiid sil de gemeente mei de Stichting Maatschappelijke Opvang en de Verslavingszorg ûndersykje oft der yn de stêd in lokaasje is dêr't ek plak is foar de nachtopfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)