Brûkers fan de speed pedelics ha gjin sin oane nije regels

02 mrt 2016 - 12:07
  • Snelheid fan 45 km

Minister Melanie Schultz van Haegen moat nochris nei de wetsferoaring sjen foar saneamde speed pedelics, e-bikes dy't oant 45 kilometer yn de oere geane. Dat fynt Frans Larmené, ferkearsgedrachswittenskipper by de NHL. De nije regels hâlde yn dat bestjoerders fan dizze e-bikes yn de beboude kom op de gewoane dyk ride moatte. Boppedat komt der in brommerhelmplicht.

Brûkers sjogge dy nije regels net sitten, sa docht bliken út in ûndersyk fan NHL-studint Ruben de Bruijne en Grontmij. Op 1 jannewaris 2017 moatte de wetswizigings yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)