Brûken fan keallekrik tastien fan 1 july 2015 ôf

01 maaie 2015 - 20:35
  • Kealtsje

Feedokters en boeren meie fan 1 july ôf dochs in keallekrik brûke by de keallerij. Steatsekretaris Sharon Dijksma fan it ministearje fan Ekonomyske Saken hat dat freed yn in regeling fêstlein. De krik is no noch ferbean, mar mei aanst brûkt wurde as de keallerij net flot genôch ferrint en de ko help nedich hat.

Wol moat de krik oan in tal technyske easken foldwaan en mei de krik allinnich brûkt wurde ûnder bepaalde betingsten. Sa moat de krik in lûkkrêftyndikator hawwe en wurde der eaksen oan de stabiliteit fan de krik steld.

Dijksma hat fierder ôfspraken makke oer it bylearen fan feedokters, boeren en agraryske opliedings, sadat de krik ferantwurde brûkt wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)