Bruin yn 'e basis by Cambuur

10 sep 2004 - 00:00

Cambuur begjint de thúswedstriid tsjin Swolle freedtejûn mei good old Jan Bruin (34) yn 'e basis. Oant no ta kaam Bruin allinnich yn aksje as ynfaller. Mar fêste spits Thijs Houwing hat in blessuere ûnder de foet en moat rêst hâlde. Bruin makke ferlien wike yn Maastricht noch in belangrike goal en liket aardich yn foarm.

Michel van Zundert hat in blessuere oan de ankel en sil de wedstriid ek op de tribune folgje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)