Brouwer wer op Feanster skûtsje

14 jan 2003 - 00:00

Tjitte Brouwer komt nei hast fiif jier tydlik werom op it skûtsje fan It Hearrenfean. Dêrnei nimt syn broer Pieter it oer. Hy is no skipper op it skip fan Earnewâld en bliuwt dat dit seizoen.

Tjitte Brouwer waard yn de njoggentiger jierren fiif kear kampioen. Hy naam ôfskied om't er it net mei syn wurk kombinearje koe. No komt er ien jier werom op de Gerben van Manen om't Allard Syperda nei trije jier ophâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)