Brouwer keapet Bogt fen Guné

14 des 2004 - 12:28

It âldste studintekafee fan Nederlân, de Frjentsjerter Bogt fan Guné, is yn oare hannen oergien. Hoareka-ûndernimmer Folkert Kuperus hat it kafee ferkocht oan Grolsch. Kuperus wie de ôfrûne 33 jier eigner fan it kafee, dat al sûnt 1592 bestiet.

Kuperus krige it te drok mei syn oare hoarekasaken, wêrûnder de sealen yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. De eksploitaasje fan 'e Bogt fan Guné bliuwt yn deselde hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)