Brooks nije spiler by Aris

24 des 2005 - 17:26

Basketbalklub Woon!Aris hat him fersterke mei de Amerikaan Sean Brooks. De 23-jierrige spiler hat by de ploech út Ljouwert in kontrakt tekene oant de ein fan it seizoen.

Brooks is de opfolger fan lângenoat Devonne Giles, dy't earder dizze wike dien krige by de klub. Brooks is ôfkomstich fan de Drexel University, dêr't er in gemiddelde hie fan 12,6 punten en 6,2 rebounds de wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)