Broodfonds Fryslân is in feit

08 jul 2013 - 14:48
  • (foto-ympresje)

It earste saneamde Broodfonds fan Fryslân is in feit. In groep fan 25 ûndernimmers ûnder de namme Bûter, Brea en Griene Tsiis soargje no foar harren eigen fersekering yn gefal fan sykte of arbeidsûngeschiktens. De ûndernimmers dy't foar it Broodfonds kieze, fine de preemjes fan de grutte fersekerders te heech. Troch alle moannen in bedrach yn te lizzen soargje de belutsen ûndernimmers der foar dat der trochbetelle wurde kin at ien fan de dielnimmers yn it Broodfonds siik is of tydlik troch omstannichheden net wurkje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)