Bronkhorst bliuwt by Cambuur

02 apr 2004 - 00:00

Middenfjilder Raymond Bronkhorst hat foar twa jier tekene by Cambuur. De 25-jierrige Bronkhorst spile al by Cambuur, hy kaam nei de winterstop op hierbasis oer fan FC Grins. By de Ljouwerters is er in tige wurdearre basisspiler.

De Grinzers wolle net fierder mei Bronkhorst en dus wie der foar Cambuur de mooglikheid om him transferfrij oer te nimmen. Raymond Bronkhorst hat twa seizoenen by Grins spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)