Bromscooter rydt sleat yn

19 aug 2011 - 12:04
  • Foto: Alex Zwart

By in ûngelok mei in bromscooter binne tongersdei twa minsken ferwûne rekke. Nei alle gedachten hat de bestjoerder in flauwe bocht fan de Hegedyk nei de Oeriselskestrjitwei by Raerd oer de holle sjoen. Dêrtroch ried de scooter de sleat yn. De opsittenden bedarren oer de sleat yn it lân. In frou (29) út Raerd rekke slim ferwûne. Sy is mei harsenletsel nei it UMCG yn Grins brocht. De bestjoerder (30) út Soest rekke ek ferwûne. Hy koe nei in koarte behanneling wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)