Bromscooter botst op losrekke autotsjil

02 mrt 2015 - 10:42

In 49-jierrige bestjoerder fan in bromscooter is ferwûne rekke doe't er op de lytsere suteldyk njonken de N31 by Mullum tsjin in los tsjil oanbotse. It tsjil wie losrekke fan de auto fan in 51-jierrige frou út Brunssum (Limboarch).

De frou koe har auto oan de kant sette en kaam mei de skrik frij. De brommerrider moast troch meiwurkers fan de ambulânse behannele wurde. Der ûntstie in koarte file troch it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)