Brommobyl botst mei Spanjaard

25 feb 2008 - 10:57
  • Ravaazje nei ûmgelok mei brommobyl yn Snits

In brommobyl is snein yn Snits op in auto botst, bestjoerd troch in Spanjaard. De man sloech op de Oppenhuzerwei linksôf de eastlike stedsrûnwei op. It stopljocht stie op grien. De 58-jierrige automobilist út Sevilla koe net mear remje en in botsing wie it gefolch. De Spanjaard seit ek grien ljocht te hawwen.

De brommobiler is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje siket in racefytser dy't mooglik wat sjoen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)