Brommerriders fan A7 helle

09 jul 2007 - 10:16

De plysje hat yn de nacht nei moandei twa brommerriders fan de A7 by Drachten ôfhelle. De twa jonges fan 23 en 27 jier waarden troch in tsjûge sjoen en dy warskôge de plysje. Dy hat se koart dêrnei oanhâlden by in pompstasjon.

De twa ferklearren dat se hast in lege tank hiene en dat de pomp by de A7 as iennichste yn de omkriten fan Drachten noch iepen wie. De brommerriders hawwe in boete krigen fan 140 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)