Brommerrider op Fean oanriden

18 feb 2011 - 13:54

It rydbewiis fan automobilist (44) fan It Hearrenfean is tongersdei ynnaam. Hy hie op It Hearrenfean in brommerrider (19) út Jobbegea oanriden. Neffens de man moast er ûnder it riden sa bot hoastje, dat er út de tiid rekke. De auto kaam op de ferkearde helte fan de dyk en ried dêr de brommerrider oan.

De brommerrider is nei it sikehûs brocht. De plysje hat bloed ôfnimme litten by de automobilist om't se tinke dat er mei drank op ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)