Brommerrider mei drank oppakt

23 apr 2011 - 14:01

De plysje hat freedtenacht in man (29) fan It Fean oanhâlden foar it riden mei drank op. Op de Van Dekemaleane seach de plysje de bromfytser sûnder helm riden. Hy negearde it stopteken, mar de plysje fûn de brommer letter yn de tún fan in wenning. De man waard yn de wenning oanhâlden.

De man rûkte flink nei drank en op it buro die bliken dat er tefolle op hie. Dêr waard ek dúdlik dat de man noch DNA ôfstean moast foar in oare saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)