Brommerrider ferwûne

11 des 2011 - 16:04

    In 22-jierrige bromfytser is sneontenacht ferwûne rekke yn Wâlterswâld. Hy waard op de Dokkumerloane oanriden troch in man fan 73 jier. Dy ried de auto achterút fan it hiem ôf. De bromfytser rekke ferwûne oan de skonk.

    Fanwege in fermoeden fan dronkenskip moast er blaze op it plysjeburo. Hy hie te folle drank op, mar de brommer wie ek net fersekere en hie in glêde bân. Boppedat hie de man gjin brommerrydbewiis. De brommer is yn beslach naam en de man krige in proses-ferbaal.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)