Brommerrider ferûngelokke

29 mrt 2002 - 00:00

Op De Hooidollen yn Ljouwert is freed in brommerrider deadlik ferwûne rekke by in ûngelok. De man, in 19-jierrige ynwenner fan Drachten, hie wierskynlik lêst fan de leechsteande sinne.

De brommerrider ried tsjin de stoeep oan en ferlear de macht oer it stjoer. Hy kaam te fallen en rekke in lampepeal. Reanimaaje koe net mear foarkomme dat de man stoar op it plak sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)