Brommerkontrôle yn Ljouwert

06 okt 2011 - 10:15

De plysje hat woansdei by in grutte kontrôle yn Ljouwert 45 brommers en snorfytsers op 'e bon slingere. De measten hiene it ridend reau opfierd, sadat se hurder rieden as tastien. Der waarden ek bekeurings útskreaun foar riden sûnder rydbewiis, it net ophawwen fan in helm en ride mei glêde bannen.

Mei-elkoar waarden 62 brommer- en snorfytsriders kontrolearre. Dy waarden dêrfoar nei it plysjeburo oan de Gardenierswei yn Ljouwert laat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)