Brommer kin 100 ride

20 jan 2012 - 10:11

By in kontrôle yn Harns is in bromfyts yn beslach naam dy't 100 km yn 'e oere helje koe. De plysje hâlde tongersdei yn trije Fryske plakken brommerkontrôles. Yn Ljouwert doogden hast alle kontrolearre bromfytsen net. Fan de 29 dy't besjoen waarden op technyske mankeminten wiene 22 net yn 'e oarder.

Njonken yn Harns en Ljouwert wiene der ek bromfytskontrôles yn Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)