Brommer fan de dyk riden

06 okt 2011 - 09:54

De plysje siket de bestjoerder fan in auto dy't woansdei op de Lytsewei op 'e Harkema belutsen wie by in ûngelok. De auto naam de bocht sa rom dat in 16-jierrige brommerrider foar him útwike moast. De brommerrider rekke dêrtroch yn 'e berm en foel. De brommer hie skea. De brommerrider kaam mei de skrik frij.

De plysje siket no om de dieder. Dy rydt nei alle gedachten yn in VW Golf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)