Bromfytster botst tsjin auto

31 mrt 2009 - 09:50

In 40-jierrige bromfytster út Ljouwert is moandeitemiddei ferwûne rekke op de Saturnuswei op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert.

De frou woe fan de Saturnuswei ôf de Planeteloane ynride en krige dêrby op it krúspunt foarrang fan in frachtwein. De bromfytster seach dêrnei in auto dy't fan links kaam oer de holle en in oanriding wie it gefolch. De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)