Bromfytsster ferwûne

04 okt 2009 - 15:36

In automobilist (30) út Noardwâlde is sneontejûn op de Haadstrjitte West yn syn wenplak op in bromfyts botst. De bestjoerster fan de brommer, in ynwenster (26) fan Finkegea en har passazjier, in ynwenster (27) fan Noardwâlde, foelen dêrby.

De bestjoerster rûn in brutsen skonk op en is mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Omdat de automobilist drank op hie, waard er meinaam nei it plysjeburo foar in azemanalyze. Hy blies 510 ug/l.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)