Bromfytskenteken net populêr

29 maaie 2006 - 10:38

De rykstsjinst foar it ferkear RDW snapt net hoe't it kin dat eigners fan bromfytsen yn Fryslân sa bot achter rinne by it oanfraagjen fan it nije bromfytskenteken. Soks kin noch oant 1 novimber. Yn Nederlân hat 55 prosint fan alle bromfytseigners sa'n kenteken oanfrege. Yn Fryslân is dat noch mar 47 prosint en op it Hearrenfean sels mar 21 prosint fan 'e bromfytseigners.

It Hearrenfean skoart dêrmei it alderminste fan hiel Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)