Bromfytsferkeap sit wer yn de lift

14 jul 2015 - 14:42

It giet wer de goeie kant op mei de bromfyts ferkeap. Dit seit brânzje-organisaasje Bovag nei oanlieding fan sifers fan de RDW. Ek yn Droegeham binne se bliid. It bedriuw Cor Hamstra Tweewielers hat yn lange tiid net safolle ferkocht as ôfrûne tiid.

De ferkeap gie achterút troch de krisis, de strangere regeljouwing op snorfytsen en it rydbewiis dat jongeren no helje moatte foar bygelyks in snor-of bromfyts. De nije regels waarden ynsteld doe't der in soad oerlêst wie yn grutte stêden troch snorfytsen op it fytspaad.

Bovag seit dat de populariteit fan bromfytsen te krijen hat mei de maksimumsnelheid fan 45 kilometer yn de oere, yn tsjinstelling ta in snorfyts dy't 25 kilometer yn de oere ride mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)