Bromfytser rydt 130 kilometer

06 jun 2010 - 13:19

De plysje hat sneontejûn nei in achterfolging in 34-jierrige man út Stynsgea oanholden. In plysje seach de man mei hege snelheid op syn bromfyts oer de Rykswei riden. Hy gong achter him oan om him in stopteken te jaan, mar de man gong plat op de tank lizzen om noch hurder te riden.

Mei 130 kilometer yn de oere ried er midden op de dyk sadat er net ynhelle wurde koe. It stopteken negearde er. Doe't syn bromfyts problemen krige, koe de plysje him oan de kant sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)