Bromfytser lanseard op rotonde

22 okt 2012 - 11:16
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In bromfytser is sneintejûn yn it sintrum fan Ljouwert lanseard op in rotonde en doe op in lampepeal klapt. Dat barde op de krekt oanleine rotonde by de biblioteek oan 'e Wurdumerdyk.

De 22-jierrige bromfytser rekke ferwûne by it ûngelok. It slachtoffer hat help krige fan omstanners, ûnder wa in dokter dy't tafallich yn 'e buert wie. It slachtoffer is dêrnei nei sikehûs MCL brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)