Bromfytser ferwûne by ûngelok

10 jul 2007 - 10:15

In 17-jierrige bromfytser út Steggerda is moandeitemiddei ferwûne rekke op de Houtstrjitte yn Wolvegea. Hy ried op de Nijverheidsstrjitte yn de rjochting fan it sintrum. Dêr joech er gjin foarrang oan in 40-jierrige automobiliste út Wolvegea. Dy kaam fan 'e Houtstrjitte en ried yn de rjochting fan de Handelstrjitte.

It slachtoffer is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)