Bromfytser ferwûne by St Anne

11 aug 2009 - 10:03

Op de Middelweg-west by Sint Anne is moandei in bromfytser ferwûne rekke by in ûngelok. It gie om in man fan 55 jier út Sint Jabik. Hy ferliende gjin foarrang oan in auto.

De man hie lêst fan 'e rêch en is nei it sikehûs brocht. Nei behanneling moast er mei nei it plysjeburo foar in ademanalyze. Neffens de plysje hie de man te folle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)