Bromfytser botst mei fytser

13 jun 2009 - 12:13

In bromfytser fan 17 út Jistrum is freedtemiddei ferwûne rekke by in botsing mei in fytser. Op de Blauhústerwei by Surhústerfean kaam de jonge op de brommer in fytser tsjin dy't oan de ferkearde kant fan de dyk fytste. Doe't de jonge op de brommer besocht de fytser te ûntwiken stjoerde de fytser nei rjochts. De bromfytser foel tsjin in lantearnepeal oan en rekke ferwûne oan syn pols en skonk.

De jonge is nei it sikehûs brocht. De fytser hat him net bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)