Brok wol 'lentekoning'

18 mrt 2001 - 00:00

It tradisjonele Lentebal yn 'e Harmonie luts sneon sa'n 1800 dûnsleafhawwers. It bal waard iepene troch lentekoningin Joy en kultuerwethâlder Arno Brok. Brok wie wiis mei Joy, mar wol it bal yn 2002 graach iepenje mei in 'lentekoning'.

De dûnsers waarden fermakke troch njoggen bands yn ferskate muzykstilen, lykas rock 'n roll, salsa, disko en gewoan feestmuzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)