Brok teloarsteld yn Gaasterlân

03 okt 2008 - 17:26
  • Boargemaster Brok fan Snits

De gemeente Snits is teloarsteld oer de hâlding fan Gaasterlân-Sleat by de diskusje oer weryndieling fan de Súdwesthoeke-gemeenten. Yn stee fan ien grutte gemeente yn 'e Súdwesthoeke wol Gaasterlân-Sleat leaver mei Lemsterlân en Skarsterlân in gemeente foarmje.

Seker omdat alle gemeenten yn de regio oant no ta mei-inoar oplutsen hawwe, is de kar fan Gaasterlân-Sleat tige opmerklik, seit de Snitser boargemaster Arno Brok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)