Brok slút kofjesjop

12 mrt 2005 - 10:56

Kofjesjop Heaven yn Snits moat fan boargemaster Brok fjouwer wike lang ticht. Neffens de plysje hat de kofjesjop ferskate kearen drugs ferkocht oan minderjierrigen. Ek hie de saak 1200 gram himp (weed) op foarried lizzen, wylst 500 gram tastien is.

De boargemaster hat ferline jier twa kear by de kofjeshop op wurkbesite west. Hy hat doe al warskôge foar in sluting om't de saak net foldie oan de regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)