Brok hat begryp foar Van Aartsen

09 mrt 2006 - 17:38

Spitich, mar mei begryp en respekt. Dat is de reaksje fan foarsitter Arno Brok fan de VVD Fryslân op it opstappen fan Jozias van Aartsen as fraksjefoarsitter fan de partij yn de Twadde Keamer.

Van Aartsen stapte de ôfrûne nacht op as partijlieder fanwege de teloarstellende útslach fan de gemeenteriedsferkiezings foar de VVD. De liberalen sakken lanlik fan 1374 nei 1246 gemeenteriedssitten, mar leafst 128 omleech dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)