Brok bliid mei 'rêst' yn VVD

29 nov 2006 - 13:23

Foarsitter Arno Brok fan de Fryske VVD is bliid dat de strideraasje yn de top fan syn partij foarearst oer is. Nûmer 2 Rita Verdonk hie mear stimmen helle as nûmer 1 Mark Rutte. Verdonk woe no dat in kommisje fan wize manlju it liederskip op 'e nij besjocht.

Nei yntern oerlis is bepaald dat de kommisje fan wize manlju der net komt. Rutte bliuwt oan as partijlieder. Brok fynt wol dat der noch goed sjoen wurde moat nei de ferkiezingskampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)