Brok bêste boargemaster

16 mrt 2012 - 08:35

Ald-boargemaster Arno Brok fan Snits hat de boargemasterspriis 2012 krigen. Dat hat it genoatskip fan boargemasters bekend makke. Brok is sûnt 2010 boargemaster fan Dordrecht en is ek troch dy gemeente foardroegen foar de priis.

Syn gemeente neamt him in 'onvermoeibaar aanjager voor samenwerking'. Dan giet it om gearwurking tusken oerheid, ynwenners en maatskiplike organisaasjes. Mar Brok besiket as boargemaster yn de regio Súd-Hollân ek hiel bot om de noazen deselde kant út te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)