Broers Los hawwe nij skûtsje en wolle wer meidwaan oan IFKS

16 okt 2015 - 12:14

De bruorren Los komme mooglik werom yn de IFKS. De broers hawwe yn Amsterdam in wenark fûn dy't se no opknappe litte ta skûtsje. De Vrouwe Jantje sil it skûtsje hjitte. It is sa goed as wis dat Jelle en Delmer Los wer meidwaan meie oan de IFKS. De fraach is allinnich oft dat yn 2016 of 2017 wêze sil.

De Los-bruorren wolle graach weromkomme yn de IFKS om sjen te litten dat se it noch hieltyd kinne. Yn 2010 wienen de twa noch kampioen mei de Grutte Pier. Dat skûtsje moasten se weromjaan oan eigener Sikke Heerschop.

Heerschop hie gjin fertrouwen mear yn de bruorren. Dêrnei hawwe Jelle en Delmer Los net wer meidien oan de IFKS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)