Broeretsjerke ek troulokaasje?

04 mrt 2007 - 12:03
  • Ynterieur fan de Broeretsjerke

De gemeente Boalsert beslút oer 14 dagen oft de Broeretsjerke oanwiisd wurdt as troulokaasje. Dat is dan it iennige plak neist it stedhûs dêr't yn Boalsert troud wurde kin. De gemeente krijt gauris fersiken oft der ek earne oars as op it stedhûs troud wurde kin.

Der moatte noch wol wat foarsjennings komme yn de Broeretsjerke, lykas in sprekstoel, tafel en stuollen. Yn de winter is it minder geskikt om yn de tsjerke te trouwen, fanwege de kjeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)