Broekster jeugd mei ynwenners net wekker meitsje mei karbid

31 des 2015 - 12:48
  • Karbidsjitte

Oan it tradisjonele rûntsje troch it doarp fan de jeugd fan Broeksterwâld en De Falom is tongersdei al betiid in ein makke troch de plysje. It is al jierren tradysje dat de jeugd op âldjiersdei de bewenners fan beide doarpen wekker meitsje mei lûde muzyk en karbidknallen. En dus gie ek tongersdei in ploech fan sa'n 20 man fan jeugdhonk 't Hûnehok fan healwei fiven ôf der op út. Kompleet mei in trekker en wein mei dêrop in karbidkanon en in muzykynstallaasje. 

"Minsken fine it machtich en wachtsje derop", sa seit Menno Dillema fan de Broekster jeugd. Mar om goed seis oere kaam de plysje nei in melding fan in ynwenner. De plysje joech de jeugd gjin bekeuring, mar wol in warskôging en it kanon moast út. "Dat rûn wat tryst ôf, mar wy begripe de plysje." De jeugd sette in berjochtsje en wat foto's op Facebook en dat soarget foar aardich wat reaksjes. "In soad minsken ha ús wol mist, de reaksjes op Facebook sizze genôch," sa seit Menno.

De jeugd hie net in fergunning foar it karbidsjitten, mar it waard altyd talitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)