Broek nei ûnderen foar plysje

30 nov 2008 - 15:37

In man (20) út Ie is sneintemoarn oanholden foar it misledigjen fan de plysje. De man makke diel út fan in groep fan 15 dy't by de Bovendyk op De Westerein stiene. Doe't der in plysjeauto foarbyried luts ien fan harren de broek nei ûnderen en liet de plysjes syn bleate kont sjen.

In oar út de groep makke provosearjende gebaren. Doe't de plysje de groep dêr op oanspruts, sei de fertochte dat de plysjes gewoan trochride moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)