Broadsjestriid Easterwâlde

09 okt 2012 - 17:42

Broadsjehûs "Trambaan 8" yn Easterwâlde hat terjochte in fergunning krigen en mei dan ek trochgean mei de eksploitaasje. De rjochtbank hat de gemeente Eaststellingwerf gelyk jûn yn it ferlienen fan de fergunning. In oar restaurant yn Easterwâlde, "New York New York", hie beswier makke tsjin de komst fan it broadsjehûs, der soe sa tefolle hoareka komme. Neffens de rjochtbank is dêr gjin sprake fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)