Broadsje-ite yn in akwadukt

03 apr 2014 - 16:01
  • Alle meiwurkers oan it miel yn it akwadukt.

Wurknimmers fan it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal by Ljouwert ha tongersdei yn de bak fan it akwadukt meielkoar iten. Der stie ûnder oare fisk en hotdogs op it menu. De lunsj waard oanbean as wurdearring foar it wurk dat levere is.

It akwadukt ûnder it Van Harinxma-kanaal is no foar de helte klear, en dat is wer in mylpeal yn it Heak om Ljouwert-projekt. Freed litte se de bak sakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)