Brittany Bowe de bêste, Boer sânde, Oenema njoggende op WK

01 mrt 2015 - 15:55
  • Margot Boer nimt dit wykein ôfskied
  • Thijsje Oenema

Margot Boer is mei it sânde plak yn it einklassemint fan it WK sprint yn Astana de bêste Nederlânse. Op de lêste 1000 meter waard se ek sânde yn 1.16.80. Thijsje Oenema waard njoggende op de 1000 meter (1.17.29) en ek njoggende yn de einstân. De Amerikaanse Brittany Bowe wûn alle fjouwer ôfstannen en waard mei oermacht foar it earst wrâldkampioene sprint. Heather Richardson waard mei allegearre twadde plakken ek twadde yn de einstân. Karlonina Erbanová út Tsjechië wûn it brûns.

By de manlju waard de Rus Pavel Kulizhnikov de nije wrâldkampioen. Hein Otterspeer waard twadde, Aleksey Yesin (Ruslân) tredde. Twafâldich wrâldkampioen Michel Mulder waard fjirde yn it einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)