Britsk bedriuw boarret nei gas boppe Skiermûntseach

03 jul 2015 - 07:44

It Britske oalje- en gasbedriuw Hansa Hydrocarbons mei 20 kilometer ten noarden fan Skiermûntseach nei gas boarje. It giet om proefboarrings. De Britten ferwachtsje tusken de 80 en 100 miljard kúb gas út de boaiem helje te kinnen. Mocht út de proefboarrings bliken dwaan dat der genôch gas sit, dan wol it bedriuw in fergunning oanfreegje om it te winnen.

Boargemaster Sjon Stellinga fan Skiermûntseach seit yn in reaksje dat de gemeente oerfallen is troch it nijs, dat hy út de parse fernimme moast. De gemeente kin de boarrings net keare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)